Ferkearskontrôle by Boalsert
De plysje hat woansdei yn en om Boalsert in grutte ferkearskontrôle holden. Der waarden 24 bekeurings útdield foar te hurd riden. De grutste oertrêder ried 172 op de A7, dêr is de maksimumsnelheid 120. Op de N31 waard in bestjoerder pakt dy't 131 ried dêr't 100 tastien is. Der waarden ek njoggen bekeurings útskreaun foar it beljen ûnder it riden en twa bestjoerders krigen in bon, omdat se de riem net om hiene.