Manon Kamminga nei Team Liga

15 nov 2012 - 11:09
  • Manon Kamminga

Manon Kamminga komt de rest fan it seizoen op de langebaan út foar Team Liga. De 20-jierrige Haulerwykse makke ôfrûne wykein in goeie yndruk op it NK ôfstannen yn Thialf en sil no as stazjêre diel útmeitsje fan de ploech fan coach Marianne Timmer. Kamminga giet troch mei it riden fan maratons foar it Renault-team. Ek sil se fierder gean mei it inline-skaten. Op it lêste WK-inline helle se goud en sulver.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)