Man slacht jonge mei biezem

Oanhâlden © Omrop Fryslân
De plysje hat woansdei in 51-jierrige ynwenner fan Wynjewâld oanhâlden op fertinking fan mishanneling fan in 15-jierrige plakgenoat. De man hie op de Noormanstrjitte spul krigen mei de jonge en him mei in biezem yn it gesicht slein. It slachtoffer warskôge de plysje en die oanjefte. De fertochte waard letter dy middei oanhâlden en meinommen nei it buro foar neier ûndersyk.