Herniapasjinten flugger holpen

MRI-scan yn it MCL © Omrop Fryslân
Minsken mei in hernia wurde tenei folle flugger holpen by it MCL yn Ljouwert. Op it spesjale one-stop-shop-sprekoere krije de pasjinten yn ien besite petearen mei ferskate dokters en in MRI-scan. As dat allegear achter de rêch is krije se fuortendaliks de útslach fan it ûndersyk en in behannelplan mei. Sa moat alles yn ien dei dúdlik wêze.
It MCL is it earste sikehûs yn Fryslân dy't op dizze wize mei herniapasjinten oan de slach sil. Op oare plakken yn Nederlân bestiet dizze oanpak al langer.