Lokale partijen op skerp

Lokale partijen moatte goed neitinke oer de eigen takomst as der in weryndieling oan sit te kommen. Yn de gemeente It Bilt stapte woansdei it langsittende riedslid Frans van der Mossel op út kolleezjepartij Werkgroep Het Bildt fanwege it opgean fan dy gemeente yn in gruttere gemeente. Hy fynt dat as de fraksje meiwurket oan in weryndieling, tagelyk wurket oan it mooglik ferdwinen fan de partij.
Fraksjefoarsitter De Jong befestiget dat soks in opsje is, mar seit dat WHB noch gjin definityf stânpunt ynnommen hat.
De partij is der noch net oer út; foaral omdat de partij him oant no ta beheind hat ta it lokale politike toaniel. Der is bygelyks noch noait gearwurke mei oare lokale partijen op provinsjaal nivo.