Opknapbeurt bibleteek Grou

14 nov 2012 - 21:53

De bibleteek fan Grou krijt yn oardel wike tiid in folslein oar gesicht. Tusken 15 en 24 novimber is de bibleteek ticht foar publyk en yn dy tiid wurdt de binnenkant ferboud. Nei de weriepening moat de bibleteek der folle mear útsjen as in boekhannel. Dat betsjut dat de boeken folle mear op tema presintearre wurde en dat se net mear mei de rêch nei it publyk stean mar mei de foarkant.

Salang't de bibleteek ticht is, komt der in tal kearen in bibliobus nei Grou.

Trefwurden: 
Grou biblioteek ferbou
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)