Kampenaar 'net belutsen'

De man út Kampen, dy't der fan fertocht wurdt Jan Elzinga deasketten te hawwen by it swimbad yn Mearum, ûntkent belutsen te wêzen by de saak. Dat hat syn advokaat meld oan RTV Noord. It giet om Willem P., dy't earder fjouwer jier yn 'e sel siet foar drugshannel en it diel útmeitsjen fan in kriminele organisaasje.
Jan Elzinga, dy't yn Drachten wurke, waard yn july fan dit jier fermoarde. De klopjacht nei de dieder gie ûnder oare troch Fryslân.