'Merke Blues' nei Noardfryslân

14 nov 2012 - 21:01

De Fryske film 'Merke Blues' is op 22 novimber te sjen op it European Minority Film Festival yn Noardfryslân yn Dútslân. Op it festival foar minderheidstalen yn de stêd Husum binne fierder ûnder oare films út Baskelân, Denemarken en Slowakije te sjen.

'Merke Blues' is foar it grutste part makke troch frijwilligers út Wergea en omkriten en gie op 18 maaie fan dit jier yn premjêre. De film makket no kâns op in jildpriis fan it festival, mar de makkers sizze it benammen in eare te finen om útnoege te wurden.

Om de fertoaning fan 'Merke Blues' yn it bûtenlân mooglik te meitsjen is de film foarsjoen fan ûndertitels yn it Ingelsk. Yn it Ingelsk hat de film de titel 'Fairground Blues' krigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)