Dykbewaking mei kompjûter

14 nov 2012 - 20:47

It Wetterskip Fryslân hâldt in grut diel fan syn diken en kaaien tenei yn 'e gaten mei in kompjûterprogramma. It hat foar in bedrach fan 400.000 euro de 'Dijksterkte Analyse Module' kocht. It programma keppelet ferskate gegevens oer de diken en kaaien, lykas de grûnsoart dêr't op boud is en it grûnwetterpeil yn 'e buert. Sa kin in goeie ynskatting makke wurde fan de risiko's dy't in dyk of kaai rint en by gefaar kin der earder yngrypt wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)