Slagge test meldkeamer

Mocht de meldkeamer fan 1-1-2 yn Drachten útfalle, dan kin de ôfhanneling fan de telefoantsjes sûnder problemen oernaam wurde troch de meldkeamer yn Apeldoorn. Mei dy konklúzje komt de meldkeamer yn Drachten nei in test. Earder fan 'e wike waarden telefoantsjes út it Noarden in skoftke oernaam yn Apeldoorn. Dêrwei waarden ek de ferskate helpferlieners op paad stjoerd. Neffens de meldkeamer hat dat gjin problemen opsmiten.
Meikoarten wurdt noch in test dien, wêrby't de meldkeamer yn Drachten de telefoantsjes foar Apeldoorn krijt. Sa moat dúdlik wurde oft ek dat slagget.