'Mear grûnstof út ôffal helje'

Offalferwurker Omrin bestiet oer tsien jier net mear at der net noch mear grûnstoffen werom wûn wurde út it ôffal. Dat sei John Vernooij, direkteur fan Omrin, woansdei op in sympoasium oer ôffal. Hy wiist op de groeiende wrâldbefolking en it tanimmende ferlet oan grûnstoffen dy't der lang net altyd binne. Dêrom is it wichtich om mear grûnstoffen lykas plestik en metaal út it ôffal te heljen.