Van der Mossel út ried Bilt

14 nov 2012 - 12:22
  • It gemeentehûs fan It Bilt yn Sint-Anne

Frans van der Mossel fan de fraksje Werkgroep het Bildt hâldt ein dit jier op as riedslid. Hy kin him net fine yn de keuzes fan de fraksje oer de bestjoerlike takomst fan de gemeente It Bilt. Neffens Van der Mossel wurde lytsere gemeenten troch druk fan bûten twongen om te fusearjen mei oare gemeenten. Dêrtroch wurdt neffens him de leefberens oantaaste. Van der Mossel wie sûnt 1998 lid fan de út fjouwer leden besteande fraksje. Syn opfolger is Annefrouk Hornstra.

Der liket in weryndieling oan te kommen fan Frjentsjerteradiel, Menameradiel, it Bilt en Harns. Neffens Mossel steane de riedsleden aansens te fier ôf fan de boargers. Hy fielt mear foar gearwurking mei oare gemeenten, mar dat is op it stuit net oan de oarder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)