Ikeprosesjerûp rukt fierder op

14 nov 2012 - 11:54

Fryslân wurdt ûnleefber as de ikeprosesjerûp net hurd oanpakt wurdt. Ryk, provinsje en gemeenten moatte better gearwurkje en jild op it kleed lizze, want de ikeprosesjerûp rukt op. Dat docht bliken út ûndersyk fan Silvia Hellingman fan it ynstitút Biocontrole Onderzoek en Advies. Yn Weststellingwerf binne dit jier al fiif kear safolle nêsten fûn en opromme as ferline jier. Se ferwachtsje Brabânske tastannen. As de helte fan de iken yn it Noarden besmet is, kostet de bestriding 20 miljoen yn jier. De ekonomyske skea sil noch grutter wêze.

Ek yn Tytsjerksteradiel komt de ynsekt sûnt koart foar. De rûp soarget foar in op allergy lykjende reaksje, sa as hûdútslach en jûkte. Minsken mar ek hûsdieren, foaral hûnen, kinne dêr lêst fan hawwe. Der moat in fûns yn it libben roppen wurde foar de bestriding fan de ikeprosesjerûp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)