Frou ferwûne by botsing

14 nov 2012 - 11:27

In 19-jierrige automobilist út Gouda is tiisdeitejûn oanhâlden om't er trochriden wie nei in ûngelok op de Moaie Peal by Minnertsgea. De man ried tsjin de auto fan in 31-jierrige frou út Sint Jabik oan. De frou rekke ferwûne en moast nei it sikehûs, wylst har twa berntsjes mei de skrik frij kamen. De man út Gouda naaide earst út, mar melde him letter by de plysje. Hy sit noch fêst, syn auto is yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)