'Studinten yn lege kantoaren'

13 nov 2012 - 21:40

De PvdA yn Ljouwert wol nije projekten foar studintehúsfesting konsintrearje op trije plakken yn de stêd. It giet dan om de Kenniscampus by de hegeskoallen NHL en Stenden, om de binnenstêd en om de leechsteande kantoargebouwen oan de Oostergowei. Nije studintehuzen mei keamerferhier soene allinnich op dy trije plakken tastien wurde moatte, sadat wenwiken as de Vlietsône, Bilgaard en de Vegelinbuert net noch mear studintehuzen krije.

It ombouwen fan lege kantoaren yn permaninte studintehúsfesting is nij foar Ljouwert.

De PvdA wol ek it gebou De Terp, no yn gebrûk foar de opfang fan dakleazen, yn 'e takomst ynsette foar studintehúsfesting. De gemeenteried sil ein dizze moanne prate oer de studintehúsfesting.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)