Undersyk nei grêfkisten Dokkum

13 nov 2012 - 17:28
  • Kiste Dokkum

Yn Dokkum is tiisdei it ûndersyk nei de grêfkisten begûn. Dy binne ein oktober by wurksumheden fan wetterbedriuw Vitens opgroeven. Ien fan de grêfkisten út de 17e ieu is noch folsein yntakt en sil brûkt wurde foar in lytse eksposysje. De meiwurkers fan argelologysk ûndersyksburo Steekproef binne bliid dat ien kiste noch folslein yntakt is. Dêrmei kin dúdlik wurde wêrom't yn de 17e ieu safolle minsken yn Dokkum de dea fûnen en massaal begroeven waarden op it tsjerkhôf oan de Kleastersingel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)