Sike minsken te lang ûnderweis

© ANP XTRA
Goed 4000 ynwenners fan Noardeast-Fryslân falle bûten de 45-minutenoarm. Dat bestjut dat dy net binnen 45 minuten mei in ambulânse yn it sikehûs komme kinne. Dat skriuwt minister Schippers fan folkssûnens yn in brief oan de Twadde Keamer nei fragen oer de berikberens fan akute soarch no't de earste help yn sikehûs de Sionsberg yn Dokkum ticht is en aanst ek de ôfdieling ferloskunde slút. De ynspeksje fan de sûnenssoarch seit dat de akute soarch oerein bliuwt omdat der oanfollende maatregels naam binne.
Bygelyks de ekstra ambulânsepost yn Mitselwier.