Impala fynt swimbad te djoer

Atletykferiening Impala út Drachten fynt de tariven fan it sportbedriuw Smellingerlân foar it brûken fan it swimbad De Welle fierste heech. Neffens Impala moatte de triatleten fan ein novimber 350 prosint mear betelje as se traine wolle yn it swimbad.
De gemeente lit witte dat de ferheging past binnen it belied en it sportbedriuw driget neffens Impala al mei juridyske stappen.