Syktocht nei jonkje yn Dokkum

13 nov 2012 - 16:37

Yn Dokkum is yn de buert fan de Altenabrêge tiisdei troch brânwacht en plysje drok socht nei in mooglike drinkeling. In kuierder hie by de brêge in lyts fytske oantroffen en fertroude de saak net. Hy belle de helptsjinsten. Earst hat de brânwacht fan Dokkum yn waadpakken yn it wetter socht. Dêrnei kamen de dûkers fan Ljouwert te plak. It wie nij dat de dûkers fan Ljouwert ynskeakele waarden. Dat hat alles te krijen mei it feit dat de dûkteams fan Damwâld en De Westereen mei yngong fan 1 novimber opheft binne.

Uteinlik waard dúdlik dat in pear jonkjes oan it boartsjen west hiene mei it fytske en dat achterlitten ha, omdat ien fan de jonkjes mei de fuotten yn it wetter terjochte kaam wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)