Ferloskunde Dokkum gau ticht

13 nov 2012 - 14:24

De ôfdieling ferloskunde yn it Dokkumer sikehûs Sionsberg slút op 17 desimber al syn doarren. Dat is in healjier earder as de bedoeling wie. Earder wie besletten dat de klinyske ferloskunde op ien maaie takom jier ticht soe. Omdat der, foarútrinnend op dat beslút, meiwurkers opstapt binne, is neffens De Sionsberg goede soarch net mear garandearre.

Wol bliuwt Dokkum iepen by foar- en neisoarch by swangerskippen. De befallings sels sille plakfine yn sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)