Noch gjin feestlampkes Skrâns

13 nov 2012 - 13:08
  • Skrâns
  • Skrâns

Winkellju oan de Skrâns yn Ljouwert binne hiel ûntefreden oer de gong fan saken by it oanbringen fan de feestferljochting. Yn de binnenstêd hinget dy al in pear wiken, mar yn de Skrâns is it noch hieltyd keal, wylst de winkellju der wol 20.000 euro foar betelje.

Oant en mei 2009 wiene de winkellju sels ferantwurdlik foar de feestferljochting, dêrnei hawwe se har oansletten by in mienskiplike regeling foar de hiele stêd. Dat kontrakt duorret 5 jier en moat úttsjinne wurde.

Binnenstêdmanager Galema seit dat de ferljochting nei alle gedachten freed komt. Neffens him hat it sa lang duorre, omdat de ferljochting oanpast is. Ferline jier wiene de winkellju dêr net tefreden oer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)