Frou yn Wolvegea mishannele

Plysjemotor © Omrop Fryslân
De plysje hat moandei yn Wolvegea in 28-jierrige man út Grins oanhâlden. De man soe in 42-jierrige frou út Wolvegea yn har hûs oan it Van der Sandeplein mishannele hawwe. De frou rekke dêrby ferwûne oan de holle. De man is meinaam nei it buro en dêr fêstset foar fierder ûndersyk. Wêrom't er de frou mishannele is noch net bekend.