Klopjacht op brutale dief

13 nov 2012 - 11:21

De plysje is tiisdeitemoarn op 'e Jouwer dwaande mei in klopjacht op in brutale dief. De man belle moarns oan by in âldere bewenster fan de Warring. Doe't de frou iepen die, waard se yn é hûs treaun. Under bedriging fan geweld hat de frou jild ôfstien. De man naaide dêrnei út.

It giet om in jongeman fan sa'n 20 jier, 1.80 meter en lang ljocht hier. Hy hat in swart petsje op en in boadskippetas by him.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)