Mear sfear op Drachtster Kaden

De gemeente Smellingerlân wol it Drachtster winkel- en hoarekagebiet De Kaden mear sfear en útstrieling jaan. Bûten de winkel- en hoareakatiden makket in gebiet in desolate yndruk en dat wolle benammen winkeliers en de hoareka graach feroarje. Yn in takomstfisy stiet dat der foar de hoareka in grut plein fol mei terrassen komme moat. Troch it tal parkearplakken flink werom te bringen krije de Noard- en Súdkade minder de útstrieling as ferkearsgebiet.
Ek wurdt advisearre besteande winkelgebouwen en wenningen op te knappen om it gebiet mear herkenber te meitsjen. It opknappen fan De Kaden sil noch wol in pear jier duorje. Smellingerlân is earst noch dwaande mei projekten yn it sintrumgebiet en mei de weriepening fan de Drachtsterfeart.