Minder fleane op fleanbasis

Op de fleanbasis fan Ljouwert wurdt takom jier minder flein. Dat komt ûnder oaren omdat de grutte wapenynstruksje takom jier net hâlden wurdt fanwege te min belangstelling yn it bûtenlân. Fierder is de basis twa moanne ticht yn ferbân mei ûnderhâld oan de startbaan. Yn dy perioade wurdt der flein fan de basis Volkel yn Brabân. Troch besunigings wurdt it tal F16's hieltyd mear werombrocht. Takom jier binne der noch mar 58 fan dy fleantugen yn hiel Nederlân, wêrfan 29 op de basis yn Ljouwert.
Dat soarget struktureel foar minder fleanoeren yn Ljouwert. De ferwachting is noch altyd dat de F16's skielk ferfongen wurde troch de JSF. It haad fan it buro lûdshinder fan it ministearje fan Definsje seit dat der takom maitiid yn Amearika oanfoljende lûdsmjittingen dien wurde oan de JSF. De lûdssifers dy't oant no ta brûkt wurde, binne basearre op in lûdsmjitting fan goed fjouwer jier lyn. Yn de doarpen om de fleanbasis hinne, wurde dy nije sifers mei belangstelling besjoen. De earste Amerikaanske lûdssifers hawwe útwiisd dat de JSF folle mear leven makket as de F16 no. Dat soe ekstra oerlêst opsmite.