Plysjeburo wurdt soarchsintrum

12 nov 2012 - 18:59

It eardere plysjeburo yn Stiens krijt in nije bestimming. It gebou wurdt ferboud ta in wenfoarsjenning foar minsken mei demintens. Dêr komme njoggentjin apparteminten yn. De bewenners dy't net mear selsstannich wenje kinne, krije dêr 24 oeren deis oandacht.

Fan 'e wike wurdt begûn mei de ferbouwing fan Hayema State. Begjin takom jier moatte de earste bewenners deryn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)