Troep by gemeentehûs De Jouwer

12 nov 2012 - 17:19

Meiwurkers fan 'e gemeente Skarsterlân hawwe moandei in protte papier, plestik en stikken glês fûn yn park Herema State by it gemeentehûs op 'e Jouwer. Neffens de plysje is de rotsoai achterlitten troch omhingjende jeugd. It hat oardel oere duorre foardat alles opromme wie. Fan de dieders is noch neat bekend.

Neffens de plysje moatte de dieders foar de skjinmakkosten opdraaie. Se krije boppedat in boete foar fernielings.

Trefwurden: 
De Jouwer gemeentehûs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)