Heldepenning foar twa jonges

De 14-jierrige Mike Hoekstra en de 18-jierrige Gregor Boelens hawwe moandei de brûnzen legpenning fan it Carnegie Heldenfûns útrikt krigen fan de boargemaster fan Frjentsjerteradiel. Se krigen de medalje om't se fan 't simmer trije minsken fan 'e ferdrinkingsdea rêden hawwe.
De auto dêr't de slachtoffers yn sieten, ried nachts hurd oer de Noard yn Frjentsjer en kaam op de kop yn de grêft telane. Mike en Gregor sprongen beide it wetter yn, sûnder der lang oer nei te tinken.