Leanbedriuwen drok mei biten

12 nov 2012 - 16:19

Guon Fryske bouboeren sille fan 'e wike besykje sûkerbiten roaie te litten no't it waar wer wat better wurdt. Leanbedriuwen dy't it wurk útfiere, draaie mei it personiel in soad oeren. Maklik sil it roaien net altyd gean, want troch al it reinwetter fan de lêste wiken binne guon ikkers wiet.

De bitekampanje draait op folle toeren. By it sûkerfabryk yn Grins komme om 'e oere tritich frachtweinkombinaasjes binnen. Sy leverje mei-inoar 1000 ton sûkerbiten. Hoewol krekt wat minder heech as ferline jier is de priis noch altyd goed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)