Ierappels fan wiet lân helje

Bouboeren yn Noardwest-Fryslân hoopje dizze wike lang om let de lêste ierappels fan it lân helje te kinnen. Der moat noch sawat 50 bunder dien wurde.
Begjin septimber waard it noardwesten fan 'e provinsje troffen troch wetteroerlêst. Der waard sels in roaiferbod ynsteld. It is noch hieltyd wiet yn it gebiet en de ierappels moatte der no wier út. Mar de boeren hawwe grutte muoite derby te kommen. Dêrom wurdt bytiden spesjaal materieel ynset.