Pornobylden op skoalle toand

12 nov 2012 - 12:13

It Friesland College op It Hearrenfean hat in ynstrukteur op non-aktyf set, omdat er pornobylden sjen litten hie oan kursisten. Dat barde op de lokaasje oan de Abe Lenstraboulevard by de ôfdieling hannel. De man begelate in klasse mei in rekkenles. Hy mocht dat allinnich dwaan ûnder lieding fan in diplomearre dosint, mar dy wie op dat stuit net oanwêzich.

It Friesland College seit dat de aksje fan de man 'absolút net talitber is' en dat de ynstrukteur net wer foar de klasse komt te stean.

De ynstrukteur hat tajûn dat er in seksueel tinte filmke sjen litten hat oan de kursisten. Neffens him barde dat, neidat der yn de klasse al ferskate seksueel tinte opmerkings makke wienen. De measte kursisten by dy les wiene neffens wurdfierder Winius fan it Friesland College âlder as 18 jier. Se folgje it BBL, dat diels út wurkjen en diels út learen bestiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)