Evaluaasje MRSA-baktearje

MRSA-besmetting It Hearrenfean is foarby © Omrop Fryslân
Sikehûs De Tsjongerskâns sil de gong fan saken om de MRSA-baktearje hinne evaluearje. Ferline wike snein waarden de hertbewaking en de intensive care sletten om't by in pasjint de sikehûsbaktearje konstatearre wie. Ut ûndersyk waard dúdlik dat noch in oare pasjint ek besmet wie.
De ôfdielings giene freed nei in grutte himmelbeurt wer iepen. Mei direksje en dokters sil no sjoen wurde nei hoe't ferline wike hannele is en oft dat ek better kin. It sikehûs wol neat kwyt oer hoe't it mei de twa pasjinten giet.