Hurdriders op Lauwersseewei

© Omrop Fryslân
Op de Lauwersseewei binne snein twa hurdriders pakt troch de plysje. In 40-jierrige motorrider út Wâlterswâld foel op trochdat syn motor in hiel soad leven hie. De plysje gie der achteroan. De man ried 154 kilometer yn 'e oere, dêr't 100 it maksimum is. Hy waard pakt by Rinsumageast.
Letter dyselde middei die in 41-jierrige autobestjoerder út Damwâld it noch mâlder: hy ried mar leafst 171 kilometer yn 'e oere. Beide manlju moasten it rydbewiis ynleverje.