Friese Koers wol referindum

12 nov 2012 - 07:35
  • Thialf nei fernijbou op hjoeddeistige lokaasje

De fraksje fan Friese Koers yn provinsjale seaten wol dat der in referindum oer Thialf holden wurdt. De partij fynt dat de befolking him útsprekke moatte kin oer de bou fan in nij iisstadion. Dat moat goed 100 miljoen euro kostje en de provinsje wol dêr de helte fan meibetelje.

Neffens Friese Koers is stipe fan de Friezen tige wichtich. De partij seit dat der neat doocht fan de finansjele ûnderbouwing fan de plannen foar in nij iisstadion en it is noch mar de fraach oft it Ryk meibetellet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)