Bergsma pakt titel op 10 km

11 nov 2012 - 17:51

Jorrit Bergsma hat snein op de slotdei fan it NK ôfstannen yn Thialf it goud op de 10 kilometer pakt. Bergsma nimt dêrmei de nasjonale titel oer fan Bob de Jong. De rider fan Aldeboarn fersloech mei in tiid fan 12.57.42 syn ploechgenoat en grutste konkurrint. De Jong wie mear as in sekonde stadiger en sette in tiid fan 12.59.07 op de klok.

It brûns wie foar Jan Blokhuijsen mei in tiid fan 13.06.99.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)