LDODK stunt yn kuorbal league

11 nov 2012 - 16:03

De kuorballers fan LDODK/AH De Gordyk binne har avontoer yn de kuorbal league snein úteinset mei in 22-18 oerwinning op Blau Wyt Amsterdam. De ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool pakte fuortendaliks in brutale foarsprong fan 9-6. By rêst stie der in knappe tuskenstân fan 12-11 op it boerd.

Nei it skoft wist LDODK de lieding te behâlden. Mei noch in kertier te gean miste Blau Wyt in strafworp by in stân fan 18-17. De thúsploech profitearre optimaal en wreide de marzje fierder út. Mei in bloedtûke topskutter André Zwart waard Blau Wyt ferslein.

Mei de winst makket LDODK in geweldich debút op it heechste nivo. LDODK waard oanmoedige troch in entûsjast thúspublyk.

Trefwurden: 
kuorbal LDODK kuorballeague
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)