Aris pakt oerwinning op Leiden

De basketballers fan Aris ha sneontejûn mei 73-69 wûn fan Leiden. Yn It Kealledykje seagen de Ljouwerters nei 2 minuten tsjin in 3-10 efterstân oan. Dizze efterstân waard yn it earste kwart ombûgd ta in 26-16 foarsprong. Ek yn it twadde kwart wienen beide ploegen oan inoar weage, wat resultearre yn in 36-35 rêststân.
Nei it skoft kaam de Ljouwerter doelpuntemasjine op stoom en pakte Aris in 61-45 foarsprong. Yn in rûzige slotfaze kamen de Leidenaren noch werom oant 72-69. Whit Holcomb sette úteinlik de einstân op it boerd.
De ploech fan trainer Erik Braal stiet mei 4 punten út 7 wedstriden op it sânde plak.