Wâldseinder dielt klappen út

11 nov 2012 - 12:21

De plysje hat sneontenacht yn de binnenstêd fan Snits in Wâldseinder (19) oanhâlden fanwege mishanneling. De man wurdt derfan fertocht dat er earder dy nacht in Snitser (21) op de holle sloech. Dat soe bard wêze yn in útgeansgelegenheid oan de Lytse Tsjerkstrjitte. Befeiligingsmeiwurkers dêr hawwe de man oanhâlden en oerdroegen oan de plysje.

De man út Wâldsein is oerbrocht nei it plysjeburo en ynsletten. It slachtoffer is mei ferwûnings oan de holle oerbrocht nei it sikehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)