Man mei glês yn nekke stutsen

11 nov 2012 - 12:13

De plysje hat sneontenacht op it Ruterskertier in Ljouwerter (25) oanhâlden fanwege mishanneling. De man wurdt der fan fertocht dat er in 33-jierrige Ljouwerter yn in hoarekasaak mei in glês yn 'e nekke stutsen hat.

It slachtoffer waard oerbrocht nei it sikehûs. De 25-jierrige fertochte is ynsletten yn ôfwachting fan it plysje-ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)