Wurk A32 Wurdum hast klear

© Omrop Fryslân
De tydlike oanpassing fan de A32 by Wurdum is fierhinne klear. Dit wykein wurdt wurke oan it omlizzen fan de dyk, sadat der romte komt foar de oanlis fan in tunnel. Ferkear makket de kommende tiid in lytse slinger, wêrnei't it wer útkomt by de stopljochten by Wurdum.
Earder waard in eintsje fierderop yn de A32 by Werpsterhoeke de dyk op deselde wize oanpast. It is allegear fanwege de oanlis fan de Heak om Ljouwert.