Stroetinga wint op thúsbaan

Arjan Stoetinga wie sneontejûn wer ris rapper as al syn konkurrinten. Yn de fiifde maraton fan it seizoen pakte de reedrider fan Waskemar yn Thialf al wer syn tredde winst. Boppedat koe er nei ôfrin it liederspak oanlûke.
De spanning kaam yn de lêste 20 rûntsjes fan de 100. Doe ûnstie der in kopgroep fan fjirtjin man. Mei help fan benammen syn ploechmaat Jorrit Bergsma koe Stroetinga mei in lange sprint op syn thúsbaan it feestje fiere. Ploechmaat Ingmar Berga waard twadde, Crispijn Ariëns tredde.