Maria Sterk twadde yn Thialf

Maria Sterk koe yn de einsprint fan de 100e frouljusmaraton op Thialf krekt net de winst pakke. Daniëlle Lissenberg-Bekkering wie yn de sprint fan de fiifde wedstriid om de KPN Maraton Cup krekt rapper as Maria Sterk en Elma de Vries. De froulju makken der yn de jubileummaraton in moai spektakel fan. De finale gong tusken seis froulju. Mariska Huisman bliuwt liedster yn it klassemint, Sterk is no twadde. Daniëlle Bekkering ried mei har oerwinning Atje Keulen-Deelstra út de boeken. Atje waard 61 kear winner fan in maraton, Daniëlle stiet op 62.