Notfall op sneon útferkocht

10 nov 2012 - 14:48

Ljouwert hat dit wykein in nij ienmalich filmfestival, it Notfall Film Festival. Oerset: it Needgefal Film Festival. It festival hat fan de organisatoaren dy namme krigen om't se net in jier sûnder in filmfestival kinne. En as se sels net wat organisearje soene, dan hie der dit jier neat west.

It Noardelik Filmfestival slacht nammentlik in edysje oer om't it filmhûs begjin takommend jier ferhuzet. Sûnder budzjet en mei in bulte sponsors en frijwilligers hat de organisaasje it foarinoar krigen om in trijedaags festival te organisearjen.

It festival is sneon en snein noch, mar foar sneon binne alle kaarten al fuort. Op snein is der ek noch in festival foar muzykfilms yn De Harmonie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)