De Jong pakt wrâldbekerticket

10 nov 2012 - 14:45
  • Antoinette de Jong yn aksje op de 3 km
  • Diane Valkenburg wint 3000 meter

Antoinette de Jong fan Rottum hat sneon yn Thialf in wrâldbekerticket pakt op de 3000 meter. De Jong klokte in tiid fan 4.09.07, in persoanlik rekôr en goed genôch foar it 5e plak. It 17-jierrige talint twivelet lykwols noch oft se foar de wrâldbeker kiest of foar de junioarewedstriden.

De winst op de 3 kilometer wie foar Diane Valkenburg. Mei 4.05.80 naam de rydster fan Activia knap revâns nei har diskwalifikaasje freed op de 1500 meter. Ireen Wüst waard twadde yn in tiid fan 4.06.90. Jorien ter Mors einige as tredde yn 4.06.99.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)