Gemeente wiis mei Thialf-plan

10 nov 2012 - 14:02
  • Thialf nei fernijbou op hjoeddeistige lokaasje

It plan foar in nij Thialf mei twa banen op it hjoeddeistige plak falt goed by de gemeente Hearrenfean. De gemeente hat hjir sels oer meipraat. Der moat noch ôfwachte wurde oft it wol te realisearjen falt, seit wethâlder Lykele Buwalda fan Hearrenfean.

It nije plan kostet 106 miljoen euro, dêr't de provinsje 50 miljoen fan betelje sil. En dat is mear as de provinsje earder oer hie foar in nij Thialf. De gemeente woe Thialf earder leaver by de Sportstad ha en hat dêr ek al grûn foar oankocht.

Dat plan sneuvele lykwols earder yn provinsjale steaten en Buwalda fielt der neat foar om dat plan wer út de kast te heljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)