Man mei stok slein yn Heech

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
Op bungalowpark de Pharshoeke yn Heech is freedtemiddei in man mishannele. De bewenner (44) fan it park waard yn syn ûnderkommen slein troch in man, dy't nei alle gedachten in stok brûkte. It slachtoffer rûn ferwûnings oan de holle op.
De plysje hat oanwizings oer wa't de dieder is en is nei him op syk. It is ûndúdlik wat de oanlieding foar de mishanneling west hat.