Fjirde lykspul froulju H'fean

10 nov 2012 - 13:25

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean ha freed in punt pakt yn de thúswedstriid tsjin de nûmer twa ADO Den Haach. Op sportpark Skoatterwâld waard it 1-1. De einstân stie al by rêst op it skoareboerd. ADO Den Haach pakte nei in goed kertier spyljen brutaal de foarsprong. Vivianne Miedema makke fuort dêrnei de lykmakker foar de Feanster froulju.

Yn de twadde helte krige de ploech fan trainster Jessica Thorny amper noch kânsen. Goed keeperswurk fan Roxanne van den Berg soarge der foar dat SC Hearrenfean dochs noch in punt oerhold.

SC Hearrenfean stiet ûnderoan yn de BeNe League mei 4 punten út 9 wedstriden. Der waard noch net ien kear wûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)