Drokte by Oanrinhûs Ljouwert

10 nov 2012 - 12:25

Der moatte mear frijwilligers komme om it Oanrinhûs Ljouwert draaiende te hâlden. De organisaasje fan de Ljouwerter tsjerken, fangt yn it wykein minsken op dy't dakleas, thúsleas of gewoan allinnich binne. It wurk fan de frijwilligers bestiet ûnder oare út it setten fan in bakje kofje, it skjin hâlden fan de romten, it meitsjen fan in praatsje mei de gasten en oare kluskes.

Der komme yn it jier sa'n fiif- oant seistûzen gasten nei de Bagijnestrjitte. It giet dan om minsken mei psychyske problemen of om minsken sûnder sosjaal netwurk.

Drugsferslaafden binne net wolkom, want der binne gjin saakkundigen dy't dizze problematyk oan kinne. It is lykwols opfallend dat der hast allinnich manlju komme. Froulju dy't yn de swierrichheden sitte skine better harsels rêde te kinnen, seit Titia de Boer fan de opfang. It Oanrinhûs hie sneon iepen hûs en luts ek doe in soad folk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)