Sinnepanielen op gemeentegrûn

10 nov 2012 - 10:24

De gemeente Hearrenfean sil op koarte termyn in ûndersyk dwaan nei de mooglikheden fan it pleatsen fan sinnepanielen op gemeentlike grûn. Dit nei oanlieding fan in moasje fan de FNP en GrienLinks tongersdeitejûn by de behanneling fan de begrutting. Beide partijen litte witte dat der in soad wjerstân is tsjin de plannen fan in wynmûnepark by It Hearrenfean.

Foaral de FNP sjocht yn sinnepanielen in goed alternatyf en de gemeente hat noch in soad grûn dêr't gjin bestimming foar is. De moasje hoegde net yn stimming brocht te wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)