Lauwerseach: fiskers yn noed

09 nov 2012 - 20:11
  • In Urker fiskkotter lost yn de haven fan Lauwerseach
  • Direkteur Smit en bestjoerder Meerema fan de fiskôfslach

De fiskers yn de haven fan Lauwerseach meitsje har soargen oer de takomst. Se binne benaud dat se minder romte krije no't de gemeente De Marne it toerisme yn en by de haven fierder ûntwikkelje wol. Dat kin net, sizze de fiskers, want benammen yn it wykein is de haven no al te lyts. Ek binne de fiskers benaud dat de haven folle djoerder wurde sil as der in soad jild yn ynvestearre wurdt.

Der is ûnrêst yn de haven no't de gemeenten De Marne en Dongeradiel de ried fan kommissarissen fan de haven ûntslein hawwe.

Direkteur Smit fan de fiskôfslach neamt de hannelwize fan de twa gemeenten 'ûnakseptabel'. As de kommissarissen yn kwestje Baas, Bakker en Meerema juridyske stappen nimme wolle, dan sil de fiskôfslach harren dêryn stypje, sa seit Smit. De fiskôfslach en de fiskerijhaven draaie op himsels goed. Yn de haven giet op jierbasis foar 100 miljoen oan fisk en oare produkten om. De gemeenten soene der dêrom goed oan dwaan om de fiskerij en de oare bedriuwen yn de haven ek yn 'e takomst de romte te jaan. De fiskôfslach is kritysk oer de plannen fan De Marne foar grutte ynvestearrings yn de haven, mar is net perfoarst tsjin, sa seit Smit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)